Spoar Ierdwaarmte en boaiem-enerzjy

De koarte link > https://bit.ly/37HxKtq

Ierdwaarmte en boaiemenerzjy
By duorsume enerzjy wurdt meastentiids tocht oan it meitsjen fan stroom. Lykwols is 2/5 fan de
wrâldwide fraach nei enerzjy ornearre foar ferwaarmjen en kuoljen. Dêr kin fia elektrisiteit oan
foldien wurde mar dat freget meardere omsettings fan de iene foarm fan enerzjy nei de oare en
sadwaande tefolle enerzjyferlies. It is dêrom folle better daliks de goeie enerzjyfoarm oan te
boarjen.


IERDWAARMTE
Djip ûnder ús fuotten is it hyt. De kearn fan de ierde hat, benammen troch radio-aktive prosessen, in
temperatuer fan tûzenen graden Celsius. Mei eltse kilometer fan it ierdoerflak giet de temperatuer
sa’n 15 oant 30 graden omheech. Op plakken mei fulkanyske aktiviteit, lykas op Yslân, kin it op it
meanfjild al folle hjitter wurde en dêr kin dan sels ek wer stroom mei makke wurde. By ús moat de
waarmte fan 500 m of djipper komme, foar’t we der wat oan hawwe. Der moat op dy djipte
boppedat poreus stiente sitte om’t de waarmte mei wetter omheech brocht wurde moat. Dat, it kin
lang net oeral. Djippe boarrings binne djoer en mei in protte proefboarrings dy’t neat opsmite wurdt
it al gau te begrutlik. Yn bygelyks kassen wurdt sokke ierdwaarmte, of geotermy, wol al brûkt, mar in
brede tapassing sit der noch net oan te kommen. Mar sa djip hoege we it ek net te sykjen.


BOAIEM-ENERZJY
Sletten systemen
Us fiere foarâlden hienen it goed besjoen, dy húsmannen yn grotten mei in konstante temperatuer.
Yn de boaiem hearsket nammentlik de trochsneed temperatuer oer it jier fan de atmosfear: te uzes
sa’n tolve graden. No is dat neffens de hjoeddeistige easken wol wat oan de kâlde kant en boppedat
binne der te min grotten. Lykwols kinne we de temperatuer fan de ûndjippe boaiem goed brûke.
Tink oan in túnslang dêr’t waarm wetter útkomt as dy in skoftke yn de sinne lein hat. As men soks
yngraaft kin de temperatuer fan de boaiem mei in kuolfloeistof omheech transportearre wurde. Yn
Nederlân binne der al tsientûzenen huzen mei sa’n systeem. In neidiel is al dat der in ôfgryslike soad
gatten yn ôfslutende boaiemlagen makke wurde. As dêr wat mis mei giet, kinne fersmoargings dy’t
gauris yn it boppeste grûnwetter foarkomme, harren makliker ferspriede.


Iepen systemen
It liket better om wat grutskaliger te operearjen. Yn Nederlân wurdt dat op it heden op in pear tûzen
plakken dien. Wetter út wetterhâldende sânlagen, dy’t rûnom yn Nederlân op tsientallen oant
hûnderten meters al te finen binne, kinne we oppompe en dêr by it winter kantoaren en
huzeblokken mei opwaarmje. Dat wurdt dien troch útwikseling fan waarmte mei in yntern sirkwy; it
grûnwetter rint net troch it hûs. It ôfkuolle wetter liede we op in oar plak werom yn de boaiem. By it
simmer draaie we de pomprjochting om sadat we de kjeld moai brûke kinne om it yn ‘e hûs wat koel
te hâlden. Dêr waarmet it wetter troch op en dat giet wer op it oarspronklike plak de boaiem yn,
ensafuorthinne. Sadwaande brûke we net allinnich de temperatuer fan de boaiem, mar ferheegje we
de effektiviteit fiks troch waarmte en kjeld foar in seizoen yn de boaiem op te slaan. Sadwaande dat
dit ek wol waarmte-en-kjeld-opslach neamd wurdt: WKO. Der is noch al wat stroom nedich foar dat
hinne-en-wer pompen fan it grûnwetter en foar de waarmtepomp [ferwizing] dy’t noch nedich is om
de keamertemperatuer te berikken. Mar as dêr bygelyks sinnepanielen foar brûkt wurde, kin it
binnenklimaat hielendal duorsum regele wurde. It is ek noch sa dat sinnepanielen in hegere
elektryske opbringst ha as dy kuolle wurde en dat kuolwetter kin wer brûkt wurde om mear
waarmte yn de boaiem op te slaan, sadat de waarmtepomp minder hoecht te dwaan.

De ynvestearrings dy’t nedich binne, hingje bot ôf fan de grutte fan it systeem, de krekte wize fan
útfiering en de omstannichheden op it plak fan oanlis mar de weromfertsjintiid fan fariearret fan in
pear jier, as der in grutte fraach nei kjeld is – want op oare wizen is it altyd djoerder om dêr yn te
foarsjen – oant tusken de fiif en de tsien jier – sûnder subsydzje – en is dus oantreklik.


Somtiden binne der lykwols berjochten oer te hege kosten. Dat is dan in organisatoarysk/juridyske
kwestje. Der is nammentlik wetlik regeling dat de enerzjy net djoerder wêze mei as dy fan gas. Mar
op grûn fan dy regeling passe guon oanbieders de priis neffens de gaspriis oan, as dy omheech giet.
Dat hat dus neat mei de wurklike priis fan de WKO-systemen te krijen. Der binne ek wol ris
berjochten oer systemen dy’t net goed wurkje. Meastentiids hat dat mei ferkeard brûken fan de
systemen te krijen. Dat is op te lossen troch it behear oan in profesjonele partij oer te litten. Soks
begjint al by de oanlis: it is wichtich om filters sekuer te pleatsen en dêrmei foar te kommen dat
wetter út ferskillende boaiemlagen mongen wurdt want soks feroarsaket fakentiden delslagen fan
dieltsjes yn de systemen en dêrmei ferstoppings.

De FNP-fractie van de gemeente Leeuwarden is van plan om op eind januari 2020 een motie in te dienen . Volgens Jan-Willem Tuininga: “Rjocht únder fryslân let in saneamde deade fulkaan op sa’n twa kilometer djipte. It het fan de fulkaan leit yn de Waadsee tusken Flylân en Harns. It foardiel is dat jo ûneinich 24 oeren deis waarmte en stroom opwekke kinne. Duorsumer besteat yn ús eagen net”.