Spoar Ierdwaarmte en boaiem-enerzjy
Ierdwaarmte en boaiemenerzjy
By duorsume enerzjy wurdt meastentiids tocht oan it meitsjen fan stroom. Lykwols is 2/5 fan de wrâldwide fraach nei enerzjy ornearre foar ferwaarmjen en kuoljen. Dêr kin fia elektrisiteit oan foldien wurde mar dat freget meardere omsettings fan de iene foarm fan enerzjy nei de oare en sadwaande tefolle enerzjyferlies. It is dêrom folle better daliks de goeie enerzjyfoarm oan te boarjen.
IERDWAARMTE
Djip ûnder ús fuotten is it hyt. De kearn fan de ierde hat, benammen troch radio-aktive prosessen, in temperatuer fan tûzenen graden Celsius. Mei eltse kilometer fan it ierdoerflak giet de temperatuer sa’n 15 oant 30 graden omheech. Op plakken mei fulkanyske aktiviteit, lykas op Yslân, kin it op it meanfjild al folle hjitter wurde en dêr kin dan sels ek wer stroom mei makke wurde. By ús moat de waarmte fan 500 m of djipper komme, foar’t we der wat oan hawwe. Der moat op dy djipte boppedat poreus stiente sitte om’t de waarmte mei wetter omheech brocht wurde moat. Dat, kin lang net oeral. Djippe boarrings binne djoer en mei in protte proefboarrings dy’t neat opsmite wurdt
it al gau te begrutlik. Yn bygelyks kassen wurdt sokke ierdwaarmte, of geotermy, wol al brûkt, mar in brede tapassing sit der noch net oan te kommen. Mar sa djip hoege we it ek net te sykjen.
BOAIEM-ENERZJY
Sletten systeme. Us fiere foarâlden hienen it goed besjoen, dy húsmannen yn grotten mei in konstante temperatuer. Yn de boaiem hearsket nammentlik de trochsneed temperatuer oer it jier fan de atmosfear: te uzes sa’n tolve graden. No is dat neffens de hjoed-deistige easken wol wat oan de kâlde kant en boppedat
binne der te min grotten. Lykwols kinne we de temperatuer fan de ûndjippe boaiem goed brûke.
Tink oan in túnslang dêr’t waarm wetter útkomt as dy in skoftke yn de sinne lein hat. As men soks yngraaft kin de temperatuer fan de boaiem mei in kuolfloeistof omheech transportearre wurde. Yn Nederlân binne der al tsientûzenen huzen mei sa’n systeem. In neidiel is al dat der in ôfgryslike soad gatten yn ôfslutende boaiemlagen makke wurde. As dêr wat mis mei giet, kinne fersmoargings dy’t gauris yn it boppeste grûnwetter foarkomme, harren makliker ferspriede.
Iepen systemen
It liket better om wat grutskaliger te operearjen. Yn Nederlân wurdt dat op it heden op in pear tûzen plakken dien. Wetter út wetterhâldende sânlagen, dy’t rûnom yn Nederlân op tsientallen oant hûnderten meters al te finen binne, kinne we oppompe en dêr by it winter kantoaren en huzeblokken mei opwaarmje. Dat wurdt dien troch útwikseling fan waarmte mei in yntern sirkwy; it grûnwetter rint net troch it hûs. It ôfkuolle wetter liede we op in oar plak werom yn de boaiem. By it simmer draaie we de pomprjochting om sadat we de kjeld moai brûke kinne om it yn ‘e hûs wat koel te hâlden. Dêr waarmet it wetter troch op en dat giet wer op it oarspronklike plak de boaiem yn, ensafuorthinne. Sadwaande brûke we net allinnich de temperatuer fan de boaiem, mar ferheegje we de effektiviteit fiks troch waarmte en kjeld foar in seizoen yn de boaiem op te slaan. Sadwaande dat dit ek wol waarmte-en-kjeld-opslach neamd wurdt: WKO. Der is noch al wat stroom nedich foar dat hinne-en-wer pompen fan it grûnwetter en foar de waarmtepomp [ferwizing] dy’t noch nedich is om de keamertempera-tuer te berikken. Mar as dêr bygelyks sinnepanielen foar brûkt wurde, kin it binnenklimaat hielendal duorsum regele wurde. It is ek noch sa dat sinne-panielen in hegere elektryske opbringst ha as dy kuolle wurde en dat kuolwetter kin wer brûkt wurde om mear
waarmte yn de boaiem op te slaan, sadat de waarmte-pomp minder hoecht te dwaan.
De ynvestearrings dy’t nedich binne, hingje bot ôf fan de grutte fan it systeem, de krekte wize fanútfiering en de omstannichheden op it plak fan oanlis mar de weromfertsjintiid fan fariearret fan inpear jier, as der in grutte fraach nei kjeld is – want op oare wizen is it altyd djoerder om dêr yn tefoarsjen – oant tusken de fiif en de tsien jier – sûnder subsydzje – en is dus oantreklik.
Somtiden binne der lykwols berjochten oer te hege kosten. Dat is dan in organisatoarysk/juridyske
kwestje. Der is nammentlik wetlik regeling dat de enerzjy net djoerder wêze mei as dy fan gas. Mar op grûn fan dy regeling passe guon oanbieders de priis neffens de gaspriis oan, as dy omheech giet. Dat hat dus neat mei de wurklike priis fan de WKO-systemen te krijen. Der binne ek wol ris berjochten oer systemen dy’t net goed wurkje. Meastentiids hat dat mei ferkeard brûken fan de systemen te krijen. Dat is op te lossen troch it behear oan in profesjonele partij oer te litten. Soks begjint al by de oanlis: it is wichtich om filters sekuer te pleatsen en dêrmei foar te kommen dat wetter út ferskillende boaiemlagen mongen wurdt want soks feroarsaket fakentiden delslagen fan dieltsjes yn de systemen en dêrmei ferstoppings. Bewerk